Eksamenpraat #11: Hoe silsto reagearje asto slagge bist?

Eksamenpraat 11 Hoe silsto reagearje asto slagge bist?
Foar de rubryk Eksamenpraat is Omrop Fryslân op 'en paad en giet by skoallen yn it fuortset ûnderwiis del. Op de middelbere skoallen dogge de learlingen eineksamens. Op it Bogerman College yn Snits wurde tiisdei de lêste eksamens makke. Dizze dei stiet yn it teken fan frjemde talen, sa as Russysk, Arabysk mar ek Frysk. Foar de learlingen sitte de eksamens der dan op. Dan is de swiere lêst fan 'e skouders.
Omrop Fryslân seach foarút mei de learlingen nei wannear't sy slagge binne. Dêrom waard de learlingen frege: Hoe silsto reagearje asto slagge bist?