VVD stelt fragen oer mobile berikberens fan Aldeholtpea

De VVD yn de gemeenteried fan Weststellingwerf stelt fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oer de minne mobile berikberens fan Aldeholtpea en omkriten. It is al langer bekend dat it doarp mobyl min berikber is.
© ANP
KPN hat begjin dit jier in ekstra telefoanmêst pleatst, mar dy wurket noch net. De kabels fan de mêst binne noch net oansletten op it netwurk. Bewenners hawwe dêrtroch noch hieltyd lêst fan in minne mobile dekking. De VVD seit dat dêrtroch ek alarmnûmers as 112 net wurkje. Yn it slimste gefal kin soks liede ta libbensbedriigjende situaasjes, stelt de partij.
De VVD wol fan it kolleezje witte wannear't de ekstra telefoanmêst oansletten wurdt en oft boargemaster en wethâlders druk útoefenje kinne op KPN om dat gau foar elkoar te krijen. Neffens de VVD hâldt it ek yn oare doarpen yn Weststellingwerf net oer mei de mobile berikberens.