Gemeenteried Amelân stiet achter nije lokaasje soarchsintrum

De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan It Amelân hat unanym ynstimd mei de nijbou fan soarchsintrum De Stelp, by it terrein fan multyfunksjoneel sintrum Ons Hol, oan de noardkant fan Hollum. Der moat noch wol dúdlikheid komme oer de finansjele bydrage fan de belutsen soarchpartijen.
Dat binne soarchoanbieder Kwadrantgroep, soarchfersekerder De Friesland en it Soarchkantoar. De ferwachting is dat dy dúdlikheid der foar de simmer komt.