Publykshal gemeentehûs Eaststellingwerf moat soargje foar ferbining

In diskoflier, ynteraktive spultsjes foar folwoeksenen, in green wall. It binne allegearre ûnderdielen fan de nije publykshal fan it gemeentehûs yn Easterwâlde. De gemeente wol tichter by de minsken stean en dêrom moat de publykshal de sfear hawwe fan in iepen mienskip.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De publykshal hat in ynteraktive flier krigen dêr't je bygelyks fuotbalje kinne mei in ynteraktive bal. De hal hat keunstdeiljocht en fernijde balys en dêrtroch in nije útstrieling krigen. De green wall is in biologyske, duorsume plantemuorre. "We wilden wat meer privacy regelen voor onze inwoners en we willen iets laten zien dat past bij Ooststellingwerf", fertelt wethâlder Marcel Bos.
We wilden wat meer privacy regelen voor onze inwoners en we willen iets laten zien dat past bij Ooststellingwerf.
Wethâlder Marcel Bos
Neffens de wethâlder past de nije hal no folle better by de gemeente. "Denk aan duurzaamheid, we hebben bomen omgebouwd tot koffietafels, we hebben verlichting aangebracht waarin de bomen terug te zien zijn, maar ook de uitnodiging, de transparantie", seit Bos.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De besikers dy't op moandeitemoarn yn de hal sitte te wachtsjen op harren beurt binne ek entûsjast. "Ik vind het echt opgeknapt, het is veel ruimer geworden en het oogt veel vriendelijker als je binnenkomt", seit ynwenner fan de gemeente Belinda Moes.
Publykshal gemeentehûs Eaststellingwerf moat soargje foar ferbining