Brân útbrutsen op fiskkotter yn Harns
Brân yn fiskkotter Harns
De brânwacht is moandeitemoarn útriden foar in brân yn in fiskkotter, dy't oan de Langelijnbaan yn Harns leit. De brân is yn de kuolromte fan de kotter. De brânwacht is mei meardere ploegen útriden om it fjoer te blussen. Mear ynformaasje is der op dit stuit noch net bekend.