Wetterplysje dielt ferskate boetes út op it wetter

De wetterplysje hat sneon op ferskate plakken yn de provinsje seis boetes útdield. De bekeuringen wiene foar te rap farren, foar it net hawwen fan in ferplichte rêdingsfest en foar it net hawwen fan in farbewiis. Trije persoanen krigen in boete om't se tefolle pk's op harren boat hiene.