IepenUP vlog: Hoe ferfeel ik my yn de digitale wrâld?

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.
Vlogger Anne © Omrop Fryslân
Anne van der Aar út Dokkum freget har yn dizze twadde vlog ôf wat sosjale media en it altyd online wêzen mei har docht. Wat docht it mei it gedrach en freonskippen? Kin se har noch wol ferfele, of is se ferslave oan sosjale media, ynternet, Netflix en al dy oare saken?
Slagget it Anne om in bettere balâns te finen tusken off- en online wêzen? Se sil op syk nei tips om dy te ferfelen. Hoe komst dêrfoar yn de goeie 'mindset'?
IepenUP vlog
Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.