Kuorballers LDODK en SCO ferlieze

De kuorballers fan LDODK hawwe sneon yn de Eareklasse A ferlern op besite by KCC yn Capelle aan den IJssel. It waard 21-18 foar de thúsploech. Troch it ferlies is de kâns lyts dat de Gordyksters de heale finales helje fan de fjildkompetysje.
SCO hat yn de Haadklasse A ferlern fan Oost-Arnhem. De ploech út Aldeholtpea gie op eigen fjild mei 19-23 ûnderút. De ploegen wiene lange tiid oan elkoar weage. Op 14-14 sloech Oost-Arnhem in lyts gatsje, en hâlde dy foarsprong fêst oant it einsinjaal. SCO bliuwt op it tredde plak stean yn de Haadklasse A.