Ljouwert sakket twa plakken op de Misdaadmeter

Ljouwert is twa plakken sakke op de Misdaadmeter 2017 fan it Algemeen Dagblad. De gemeente stiet op in 28e plak, wylst dat in jier earder noch it 26e plak wie. It legere plak komt om't oer it algemien it tal misdriuwen yn Ljouwert nei ûnderen gien is, allinne it tal oerfallen is tanaam. Ljouwert heart neffens de krante noch wol by de ûnfeilichste gemeenten fan Nederlân.
De gemeenten Skylge, Harns, Smellingerlân, Hearrenfean en Eaststellingwerf stean yn it midden fan de ranglist. Ferwerderadiel stiet fan de Fryske gemeenten op it leechste plak.
It is foar de 17e kear dat de krante mei de Misdaadmeter komt. It AD basearret him dêrby op gegevens fan de plysje. Gemeenten mei minder as 4000 ynwenners binne yn it ûndersyk net meinaam.