Trike rydt yn Wolvegea tsjin twa parkearre auto's oan

Op 'e Grindwei yn Wolvegea is freedtejûn in trike tsjin twa parkearre auto's oanriden. Dy hawwe troch de botsing flink wat dûken oprûn.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend. Neffens tsjûgen sieten der twa persoanen op 'e trike doe't dy tsjin de auto's botste. Foar de byrider fan de trike soe in ambulânse oproppen wêze. Hoe't it krekt mei dy persoan giet, is net dúdlik.