Foarlêsmaraton fan Frysk Hânwurdboek yn Akademytún úteinset

Yn de tún fan de Fryske Akademy is freedtemiddei in begjin makke mei it foarlêzen fan it Frysk Hânwurdboek. De earste fyftjin wurden waarden foarlêzen troch taalambassadeur Tineke Leijten fan Stichting Lezen en Schrijven. Foar Tineke Leijten, in echte Liwwadder, wie it foar it earst dat se har weage oan it lêzen fan it Frysk. Foarlêze yn it iepenbier is foar Leijten hielendal in aventoer, want fiif jier lyn koe se hielendal noch net lêze. Hjoed-de-dei set se har yn om minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne te helpen.
Blokken fan in kertier
It doel is dat de kommende moannen frijwilligers yn blokken fan in kertier stikjes fan it wurdboek foarlêze. Alle foarlêssesjes wurde opnommen, sadat op 21 septimber in sprutsen ferzje fan it Frysk Hânwurdboek beskikber is. Dichter Arjan Hut naam nei Leijten it earste kertier foar syn rekken. It foarlêzen giet sneon fierder. Frijwilligers kinne harren melde yn de tún fan de Fryske Akademy. Foarlêzers kinne har ek sponsorje litte; de opbringst dêrfan giet wer nei Stichting Lezen en Schrijven.
Simmeraktiviteiten fan de Fryske Aktiviteiten
It foarlêzen fan it hânwurdboek is ien fan de earste aktiviteiten dy't de Akademy dizze maaitiid en simmer organisearret yn it ramt fan Lân fan taal. De kommende moannen folgje noch ferskate oare aktiviteiten, lykas it Grut Frysk Diktee by de Aldehou, lêzingen oer bistetaal en de literêre stedskuier 'De Wuttelhaven del'.
In oersjoch fan alle aktiviteiten is te finen op de webside fan de Fryske Akademy.