Fêst kontrakt foar 150 meiwurkers berne-opfang Kids First

© www.kidsfirst.nl
Hast alle meiwurkers fan berne-opfang organisaasje Kids First Cop Group, dy't twa jier lyn oernaam binne fan it fallite Sisa, ha in fêst kontrakt krigen. It giet om goed 150 minsken. Neffens Kids First is nei de oername it tal bern dat op de ferskate lokaasjes opfongen wurdt, flink groeid.
It fertrouwen dat de klanten yn it bedriuw ha, kin no útbetelle wurde nei de meiwurkers, seit Kids First. De kontrakten wurde tongersdeitejûn op in feestlike byienkomst yn Ljouwert oan de meiwurkers útrikt.