The Rowan Tree út Cornwall wint Liet International 2018

De band The Rowan Tree út Cornwall is woansdeitejûn troch de sjuery útroppen ta winner fan de tolfde edysje fan it festival Liet International yn Ljouwert. De Switserske singer-songwriter Nastasia Zürcher, dy't yn it Gallysk song, is twadde wurden. Sy krige ek de Musicians' Award. Tredde waard it duo Gerda Stevenson & Kyrre Slind mei in liet yn it Skotsk.
Der stiene dit jier mar leafst fjirtjin acts op it programma, sa'n fiif mear as gewoanwei. Oan it festival foar regionale en minderheidstalen diene ek de Fryske muzikanten fan Stonecrobs en Luko Reinders mei, mar sy foelen bûten de prizen.
It evenemint is op de Facebookside fan it festival werom te sjen: