Lytsere gondels no ek wolkom by gondelfeart Balk

Om de jierlikse gondelfeart fan Balk net deabliede te litten hat de feestwikekommisje dêr wat nijs betocht: net allinnich de grutte gondels fan 5 by 2,5 meter binne wolkom, mar dit jier binne der ek lytsere gondels fan 2,5 meter by 2,5 meter. Sa moat de 57-jier âlde tocht oer it wetter fan de Luts bestean bliuwe.
Neffens Rindert Veltman, foarsitter fan de feestwikekommisje, hat it nea de fraach west oft de gondelfeart noch wol plakfine sil. Wol moat der kreativer neitocht wurde oer de foarm, om't hieltyd minder minsken it sitten sjogge om safolle tiid te stekken yn in gondel.
De gondelfeart lûkt altyd hûnderten minsken út Balk en omkriten. It is it grutste evenemint yn de Balkster feestwike. Dit jier is de feestwike fan 25 augustus oant 2 septimber. De gondelfeart is dan op 30 augustus.