Kopstjit op fuotbalfeest: 40 oeren wurkstraf

Justysje © Omrop Fryslân
In man fan 26 jier út Suwâld hat woansdei in wurkstraf fan 40 oeren krigen, omdat er in teamgenoat fan syn fuotbalklup in kopstjit jûn hie. Dat barde op 16 desimber ferline jier yn de jeugdsoas. De fuotbalklup fierde de ôfsluting fan de earste seizoenshelte. De teamgenoat makke in opmerking en dy foel net goed by de fertochte. Neffens it slachtoffer hie de man út Suwâld him earst slein en yn in hoeke dreaun. Dêrnei folge in kopstjit. Dat levere it slachtoffer in bloednoas op.
De fertochte hat ferklearre dat er ûnder ynfloed wie fan medisinen en drank. Hy hat earder wegere om syn ekskuzes oan te bieden. By de rjochter sei hy dat dat him spiet. Hy wol dochs noch syn ferûntskuldigingen oanbiede.