Omropper Wytse Vellinga nominearre foar mojo-wurk

Ferslachjouwer Wytse Vellinga fan Omrop Fryslân is troch it Mojo Fest nominearre yn trije kategoryen foar syn wurk mei de mobile telefoan. It Mojo Fest is ein takom wike. It fynt plak yn Galway yn Ierlân. Vellinga is nominearre yn de kategoryen bêste nijsferslach, bêste radioferslachjouwer en bêste live-stream.
Vellinga is in ekspert yn mojo, in ôfkoarting fan mobile journalism. Mojo wurdt hieltyd populêrder. Vellinga jout tongersdei en freed workshops op it Circomkongres foar regionale omroppen yn Europa. Dat kongres fynt plak yn Ljouwert. Ut hiel Europa komme sjoernalisten nei de Fryske haadstêd foar lêzingen en workshops. Vellinga fertelt de sjoernalisten hoe't se it bêste de mobile telefoan brûke kinne by it meitsjen fan sjoernalistike ferhalen.