Kollum: "Waaddrost"

"Fryslân is in ferburgen pearel. Ik hâld net fan pearels: 'protserige' fonkelstiennen, makke troch weake oesters. Ik hâld ek net fan ferburgen, ik bin ommers sjoernalist. Mar hiel Fryslân krijt in orgasme dat we no tredde op de list ferburgen peareltsjes steane, tusken allegear oare nearzige lannen as Litouwen en Albanië. Ungelooflik. In lân wat der foar soarget dat syn foardoar, toeristedoarp Lemmer, de hiele simmer oeral leit fanwege dat geklau mei de diken, fertsjinnet dy titel net. En sa wit ik noch wol mear. Oan de oare kant, der is op 't heden gjin dei mear dat der hjir minder as 100 eveneminten binne. We fermeitsje ús wol en der kin hjir en dêr noch wol ien by.
Mar wat moatte we mei ús peareltsje Skiermûntseach? Dêr hingje se mei Pinkster noch altyd in hoanne yn in kuorke yn in 18 meter hege mêst. En dy litte se trije dagen jammerje, want sa'n bist wol fretten of in willige hin ha. Tradysje, mar der binne no lju op tsjin. Dy wolle én wolf én skiep behâlde. Se witte net hoe't dat moat en binne no sa op de doele dat se minsken slaan woenen op Skier.
Oan de oare kant sieten de sân boeren fan Skier wat te mûskopjen. Dêrnei setten se in part fan har kij op de boat. De blomkes en bijkes ha dêr no feest, en ik ha ek al begrepen dat der in hannelsmisje skriezen nei it eilân komme sil. En dy boeren waarden hillich yn de krante. Dat ha se net begrepen, want se ha gewoan dien wat alle boeren yn Fryslân ynkoarten ek dwaan moatte sille, al of net mei de heafoarke op de strôt.
Fan 1976 oant 1983 wie Bas Eenhoorn boargemaster fan Skier. Doe in jong ambisjeus VVD'erke. Letter VVD-foarsitter, no dan moatte je noch al wat lju útinoar kneppelje. Hy waard wat in troubleshooter sa't dat hjit: hy hat oeral waarnimmend boargemaster west. En dy binne der inkeld foar om konflikten op te lossen.
Bas Eenhoorn komt sa no en dan noch oan it wurd oer it Waad. Je hâlde wat oer fan sa'n rêstige stúdzjeperioade op Skier. Hy wol mear ienheid yn it Waad op bestjoerlik mêd. Dêr hat hy wol gelyk oan. Sjogge je de iene dei trije ministers fan Dútslan, Denemarken en Nederlân in hanteken setten dat it Waad wichtich is. No dat wisten we al. Stiet Ferd Crone dêr ek noch efter mei syn boargemasterskeatling om 'e hals. De oare deis stiet Lutz Jacobi mei reade flagge te wapperjen op it strân fan Harns. Dan witte je wer dat der sa'n soad ferskillende lju en oerheden oer it Waad gean, dat der noait wat fan op de hispel komt, en ûnfoldwaande dien wurdt oan ferlies fan fisk, fûgels en jild. Mar ek dat witte we al hûndert jier.
Eenhoorn wol it oplosse mei in waaddrost. In drost, offisjeel een drossaard, is in amtner dy't in plattelânsgebiet bestjoerd. In soarte fan boargemaster. Mar as je ienheid yn it Waad bringe wolle, kinne je better in soartemint diktator ha. In waaddrost is dus in ........ aah ik begryp it, troubleshooter Eenhoorn fynt himsels de ideale waaddrost, hy wol werom.
Tsja. Soe VVD'er Bas Eenhoorn wol witte wat der op 't heden echt op Skier libbet. En wat der op, om en benammen ûnder it Waad oan de hân is, sadat je der as ferskillende oerheden in kear wat oan dwaan kinne. Nee fansels. Bas Eenhoorn stiet bygelyks net op de list fan sprekkers by de demonstraasjekuier dy't op 2 juny yn Harns wêze sil. Dan begjinne se by de direksjekeet fan sâltwinner Frisia en einigje by it gebou fan Vermilion dat noch altyd yn ús Waadboaiem oan it prikken is nei gas.
De tocht is in aksje. Koarte speeches, in soad joechei. Bytsje tefolle in SP-spultsje, mar hawar. Se fiele it wol goed oan mei it Waad. En se litte elk meidwaan, sels guon oerheden rinne en raze mei. Eins moatte we de nije waaddrost dêr mar tusken wei helje. Miskien is no de noch net sa lang lyn beneamde boargemaster fan Skier wol in better idee. Ineke van Gent fan Grien Links. Of hoecht it dan foar Bas net mear."