Sportfiskers sykje alternativen foar angelje mei lead

Fryske sportfiskers sykje alternative materialen om mei te fiskjen yn plak fan mei lead. Se meie no noch tsien jier angelje mei lead en dan moat der wat oars oan de angel hingje. It lead fersmoarget it wetter en it moat dêrom net mear brûkt wurde. Dat hawwe it ministearje fan Lânbou en de sportfiskerij ôfpraat.
Alle jierren bedarret der hûnderten tonnen oan giftich materiaal yn de natuer, ôfkomstich fan stikjes lead dy't dobbers, fisklinen en netten swierder meitsje moatte. It eardere kabinet woe it brûken fan it fergiftige metaal ferbiede, mar de sportfiskers hawwe tasein sels frijwillich yn aksje te kommen. Se stribje dernei om oer trije jier al in tredde minder lead te brûken. Dat dogge se troch harren eigen achterban yn te ljochtsjen oer it fersmoargjende karakter fan lead. Mocht it oer trije jier noch net safier wêze, dan kin it kabinet dochs noch yngripe.
It ministearje sil yn dy tiid ûndersykje hokker maatregels dan nedich binne.