Trekker mei oanhinger mei balen kule omkypt by Oerterp

In trekker mei balen kule is tiisdei oan de ein fan de middei op de sydkant bedarre by yndustryterrein Drachten A7 yn Oerterp. De bestjoerder rekke dêrby licht ferwûne.
De trekker lekte floeistof. Sadwaande waard de brânwacht ynskeakele om de dyk skjin te meitsjen. Hoe't de trekker mei wein krekt omkipe koe, is noch net dúdlik.