Provinsje tefreden oer Iepen Mienskipsfûns

De provinsje is tefreden oer it yn 2015 opsette provinsjale Iepen Mienskipsfûns. Fan it IMF wurdt folop gebrûk makke en de resultaten binne prima. Dat seit Johannes Kramer, dy't it fûns as deputearre yn syn portefúlje hat.
Oant no ta hawwe 833 projekten fan de subsydzje gebrûk makke. Dy hawwe hast 72 miljoen euro oan projekten generearre. Se fariearje fan it geskikt meitsjen fan tsjerken en doarpshuzen foar alderhande aktiviteiten oant teäterfoarstellingen, sporteveneminten en sinnekollektiven.
It fûns stiet noch altyd iepen foar nije projekten.