Bykeuken baarnt út by hûs yn Noardwâlde

© Srfotografie
Yn in wenning oan de IJsbaanweg yn Noardwâlde hat moandeitemoarn brân west. It fjoer ûntstie yn in cv-tsjettel yn de bykeuken fan it hûs. Dy baarnde út. Buorlju fan omlizzende wenningen moasten tydlik harren hûs út. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle.
It is noch ûndúdlik hoe't de brân ûntstean koe.