Lêste ultrarinner oankaam by de finish yn Boalsert
De lêste dielnimmer oan de Alvestêde Ultrarin is snein oan it begjin fan de jûn oankaam by de finish yn Boalsert. Yn totaal hawwe santjin ultrarinners de tocht fan 230 kilometer folbrocht. Twaentweintich dielnimmers moasten ûnderweis opjaan; ien persoan wie sneon al net start.
Winner waard Rombout Breedveld fan Amsterdam. Stefan van der Pal fan Ljouwert waard twadde, as tredde kaam de Litouwer Tomasz Prysmantas oer de einstreek. Der wienen dravers út ûnder oaren België, Nederlân, Ingelân, Frankryk, Dútslân, Sweden en Japan. De Alvestêde Ultrarin is sneontemoarn fan start gien yn Boalsert. De dielnimmers draafden 230 kilometer efterinoar. Se moasten yn alle gefallen binnen 32 oeren oer de finish komme, ek yn Boalsert.
De hurdrinners wienen it hiele wykein te folgjen fia GPS.