Fontein yn Boalsert makket ek skûm

De fontein oan it Broereplein yn Boalsert siet sneintemoarn fol skûm. Lykas de fontein fan Starum ha grapmakkers no ek de "Flearmûs" mei sjippe folgetten, sadat troch it spuitsjen skûm ûntstiet.
De fonteinen binne freed offisjeel iepene en meitsje diel út fan it projekt 11Fountains, ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd.