Danny Noppert ferliest by achtste finales yn Milton Keynes

Darter Danny Noppert gie sneontemiddei yn de achtste finales ûnderút op it alfde Players Championship fan it profbûn PDC. Yn it Ingelske Milton Keynes ferlear de Jouster mei 6-2 fan Darren Webster. Noppert kaam al gau op efterstân tsjin de Ingelskman, mar koe noch twa legs pakke. Dêrnei makke Webster dien wurk.
Earder op de dei fersloech Noppert efterinoar wol Jamie Bain, Alan Norris en Stephen Burton. Snein wurdt op deselde lokaasje yn Milton Keynes noch it tolfde Players Championship ôfwurke.