Earste pup opfongen yn seehûnesintrum Pieterburen

Yn seehûnesintrum Pieterburen is de earste seehûnepup fan dit seizoen opfongen. De lytse seehûn waard freed oantroffen op it strân fan Flylân. Nei kontrôle en observaasje waard besletten de wurge pup op te fangen. It bist waard ûndersocht yn it seehûnesintrum en is dêr fan sneon ôf te bewûnderjen.
De kommende tiid wurdt de seehûnepup noch wol goed yn 'e gaten hâlden, om't se noch frij jong is.