Omrop Fryslân TV wer oeral yn Nederlân by KPN te sjen
Omrop Fryslân is fan 1 july ôf wer oeral yn Nederlân te sjen op telefyzje foar minsken dy't KPN hawwe. Sûnt ferline simmer kinne KPN-klanten bûten de provinsje de Omrop net mear sjen. KPN fynt dat der bûten Fryslân amper nei de Omrop sjoen wurdt, wylst der wol auteursrjochten betelle wurde moatte. Dy rjochten fan 20.000 euro yn it jier sille tenei troch de provinsje Fryslân betelle wurde.
"It is in stikje service dat Friezen om utens en oare minsken dy't wat mei ús provinsje hawwe de programma's op har eigen telefyzje sjen kinne. It is promoasje en we fine it jild goed bestege," leit deputearre Sietske Poepjes út.