Soargen oer de komst fan 30.000 piken nei Ealsum

Hinnen (stockfoto) © ANP
Ynwenners fan it doarp Ealsum, yn de omjouwing fan Dokkum, meitsje harren soargen om de komst fan in pikebedriuw. It is in biologysk pikebedriuw en dat betsjut dat de 30.000 hinnen bûten rinne meie. De ynwenners fan it doarp meitsje harren dêrtroch grutte soargen om harren sûnens.
Fynstof
Twa ynwenners fan Ealsum, Itte van der Sluis en Marja Brouwer, sette harren yn foar de saak en de bewenners. "Uit recent onderzoek van het CBS blijkt dat de landbouw de enige sector is waar de uitstoot van fijnstof toeneemt. Vrije-uitloopkippen zorgen voor tweederde van alle fijnstof afkomstig uit de landbouw", fertelt Brouwer.
Sûnensrisiko's
Oer de sûnensklachten hawwe de Ealsumers kontakt socht mei GGD Fryslân. Neffens Brouwer en Van der Sluis dielt de GGD harren soargen en fynt de ynstelling dat de gemeente ûndersyk dwaan moat nei de sûnensrisiko's. "Klachten die kunnen optreden zijn hartklachten, longklachten en bij jonge kinderen de ontwikkeling van de longen", fertelt Brouwer.