Masinefabryk Douna pear dagen ticht fanwege deadlik ûngelok

© GinoPress
Masinefabryk Douna yn Ljouwert is yn alle gefallen oant de ein fan it pinsterwykein ticht fanwege it deadlike ûngelok dat dêr tongersdei plak fûn. It bedriuw wol de wurknimmers de kâns jaan om te bekommen en de klap te ferwurkjen. By it ûngelok kamen twa minsken om it libben. Ien ferstoar yn de fabryk. De twadde waard swier ferwûne nei it sikehûs brocht en is dêr letter ferstoarn.
De identiteit fan beide slachtoffers is noch net frijjûn. Wol is bekend dat it giet om twa wurknimmers fan in fêste ôfnimmer fan Douna. Se wiene yn Ljouwert foar it testen en ynspektearjen fan in bestelde masine. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch net folle bekend. De ynspeksje fan sosjale saken en wurkgelegenheid is noch dwaande mei it ûndersyk.