CDA-Europarlemintariërs yn Fryslân foar LF2018
Fjouwer Europarlemintariërs fan it CDA binne freed yn Fryslân foar in wurkbesite oan kulturele haadstêd Ljouwert/Fryslân. Der wurdt in wurkbesite brocht oan ferskate fernijende en duorsume bedriuwen en se sille ek by de grutte iepening fan de 11 Fountains wêze. Ek Twadde Keamerlid Harry van der Molen en deputearre Sander de Rouwe binne by de wurkbesite oanwêzich. Foarige wike soe de Kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint eins op besite komme yn it ramt fan LF2018, mar dy besite gie net troch omdat dêr te min belangstelling foar wie, ta teloarstelling fan de organisaasje. Mar de CDA-delegaasje yn it Europeesk Parlemint komt graach nei Ljouwert, seit Europarlemintariër Esther de Lange. De Lange hat waarme gefoelens foar Ljouwert, omdat se op in CDA-partijkongres yn Ljouwert ta listlûker keazen waard foar de foarige Europeeske ferkiezings. Foar de kommende Europeeske ferkiezings fan 2019 is se dat wat har oanbelanget wer, fertelde De Lange yn Ljouwert.
Njonken Esther de Lange bestie de delegaasje út de Europarlemintariërs Annie Schreijer-Pierik, Lambert van Nistelrooij en Wim van de Camp.
Njonken Esther de Lange bestie de delegaasje út de Europarlemintariërs Annie Schreijer-Pierik, Lambert van Nistelrooij en Wim van de Camp.