Oer seis wiken útspraak oer nije doarpsmûne Reduzum

Oer seis wike moat dúdlik wurde wat der bart mei de wynmûne fan Reduzum. Dan docht de rjochtbank útspraak yn in koart pleit dat oanspand is troch de gemeente Ljouwert tsjin de provinsje Fryslân. De mûne út 1994 hat net genôch rendemint mear en is oan ferfanging ta.
De stichting doarpsmûne Reduzum wol graach in mûne fan 55 meter heech hawwe dy't in tsien kear sa hege opbringst hat as de mûne dy't der no stiet. Ljouwert stipet it doarp dêrby.
De provinsje is op de plannen tsjin. Yn it provinsjaal belied is opnaam dat der gjin nije allinnichsteande wynmûnen mear boud wurde meie op it lân. Ferfange fan in âlde mûne troch in gelikense nijenien mei wol. Mar in grutterenien is ferbean.
De rjochter hat tongersdei besocht de provinsje oer te heljen ta in kompromis. Dat slagge net. De provinsje wol gjin útsûndering meitsje.