Man komt om by bedriuwsûngelok yn fabryk Ljouwert

By in bedriuwsûngelok by masinefabryk Douna yn Ljouwert is in noch ûnbekende man om it libben kaam. In oare man is swier ferwûne rekke. Dat slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
It ûngelok barde oan it begjin fan de middei. De helptsjinsten binne manmachtich útriden. Der waard ek in traumahelikopter oproppen. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. De arbeidsynspeksje docht dêr ûndersyk nei.