Harnzers mei hûn hoege gjin hûnebelesting mear te beteljen

Minsken mei in hûn hoege yn de gemeente Harns mei yngong fan 2019 gjin hûnebelesting mear te beteljen. Dat is woansdeitejûn besluten yn de gemeenteried.
De PvdA, VVD en it CDA hienen in wiziging yntsjinne op de kadernota dêr't de belesting noch wol yn stie. Yn it nije bestjoersakkoart hawwe de partijen ôfpraat dat de hûnebelesting hielendal ôfskaft wurdt. Fierders sil de ûnreplikesaakbelesting (OZB) foar net-wenten de kommende twa jier net omheech gean.
It amendemint wie nedich omdat it nije bestjoersakkoart noch offisjeel oannaam wurde moat troch de gemeenteried.