Twadde Van der Valk-plan It Hearrenfean ek presintearre

In nij plan foar de bou fan in Van der Valk Hotel op in twadde lokaasje op It Hearrenfean wurdt kommende tiisdei presintearre troch de inisjatyfnimmer en it kolleezje.
Skoatterwâld
Begjin ferline jier wie al dúdlik dat Paul van der Valk in hotel bouwe wol oan de râne fan de wenwyk Skoatterwâld, tichteby de A32. Dit plak smyt wjerstân op by de wykbewenners. Sy binne bang dat der tefolle ferkearsdrokte komt en ha beswieren tsjin de hege toer fan it hotel.
Hajé
In lid fan in oare kant fan de grutte Van der Valk-famylje kaam ferline jier ek mei in plan. Henk Matser woe earst it eardere Hajé-hotel keapje en opknappe, mar komt no mei in plan foar in lytser Van der Valk Hotel oan de súdkant fan Sportstad. Dat lêste plan wurdt no kommende wike offisjeel presintearre oan de gemeenteried.
De ried hie it kolleezje begjin dit jier al frege om konkrete foarstellen.