Kooi Security iepenet kantoar yn Frankryk

© Kooi Security
It Drachtster befeiligingsbedriuw Kooi Security iepenet in kantoar yn Frankryk. It bedriuw krijt hieltyd mear opdrachten út dit lân en wol de merk dêr no lokaal betsjinje.
It is net it earste bûtenlânske kantoar fan de Drachtsters. Yn 2013 iepene Kooi Security al in festiging yn Sweden, in jier letter yn Dútslân.
It bedriuw wurdt benammen frege fanwege de mobile kamerasystemen wêrmei't bouplakken of terreinen maklik te befeiligjen binne. De kamera's binne oansluten op de eigen sintrale fan it bedriuw.