Plysje jout bylden frij fan fytsestellerij yn Hallum

De plysje hat bylden frijjûn fan in fytsestellerij yn Hallum op freed 23 maart. By in ynbraak yn in skuorre fan in hûs oan It Pypke waarden twa elektryske fytsen fan it merk Mihatra stellen. Op bylden fan bewakingskamera's is te sjen dat twa persoanen it hiem op rinne en de fytsen, kompleet mei oplader en al, út de skuorre helje en meinimme.
It bernesitsje fan ien fan de fytsen waard twa dagen letter weromfûn yn in sleat lâns de Ljouwerterdyk by Hallum.