Lasers mooglike oplossing tsjin guozze-oerlêst
De oerlêst fan guozzen kin hiel goed oanpakt wurde mei help fan lasers. Dat seit it Delftske bedriuw Bird Control Group. It bedriuw hat ûndersyk dien nei oplossings tsjin guozze-oerlêst. Dit ûndersyk waard ûnder oare yn Fryslân útfierd mei help fan Sovon Fûgelûndersyk en it ekologyske ûndersykburo Altenburg en Wijmenga út Feanwâlden.
By de testen mei de saneamde Agri-laser die bliken dat 90 prosint fan de guozzen fuortfljocht, nei't der mei de laser op harren skynt wurdt. Der is neffens it bedriuw gjin sprake fan gewenning by de guozzen.
It bedriuw sil no mei de oerheid yn oerlis om de metoade fierder út te setten.