Famke op fyts oanriden yn Kollum

© De Vries Media
Op de Willem Loréwei yn Kollum is woansdeitemoarn krekt nei sânen in famke op de fyts oanriden troch in auto. It famke fytste yn de rjochting fan de Yndustrywei, doe't se skept waard troch de auto. In ambulânse wie rap op it plak fan it ûngelok. It famke hoegde net mei nei it sikehûs. Der wurdt noch ûndersocht hoe't it ûngelok krekt barre koe.