Jonge Fryske boeren te sprekken oer petear FrieslandCampina
De jonge Fryske boeren dy't tiisdeitejûn yn Easterein in petear hiene mei FrieslandCampina fiele har serieus naam troch de suvelkoöperaasje. Dat seit foarsitter Arjan Stokman. De jongereinkommisje yn Súdwest-Fryslân nûge it bestjoer fan FrieslandCampina út foar in petear om't se kritysk binne oer it melkpriisbelied fan de koöperaasje.
In soad jonge boeren binne der min oer te sprekken dat de suvelkoöperaasje boeren dy't mear molke oanleverje dêr minder jild foar jaan wol. Dêrtroch komt de bedriuwsoername faai te stean en ek binne de groeikânsen lytser. Neffens Stokman waarden der lykwols in soad goede suggestjes oandroegen troch de oanwêzige leden. Dizze ideeën hat it bestjoer meinaam.
Woansdei reizget de jongereinkommisje ôf nei Amersfoart om dêr fierder te praten oer it foarstel. Op 16 juny wurdt der in beslút naam oer de koers fan FrieslandCampina.