Sportwein bedarret op 'e kop yn sleat nei crash

Op de Roptawei tusken Nijewier en Mitselwier is moandeitejûn in sportwein crasht en op 'e kop yn in sleat bedarre.
De twa manlju dy't yn de Lotus Elise koenen der sels wer útkomme. Se binne neisjoen yn in ambulânse en trochstjoerd nei in dokterspost.
Fan de sportwein is net folle oerbleaun. Underdielen lizze ferspraat yn oer gebiet fan de crash.