Pieter van der Zwan wit net wêrom't CU net yn kolleezje komt

Pieter van der Zwan fan de ChristenUnie yn Smellingerlân hat eins gjin idee wêrom't syn partij net yn it nije kolleezje komt. Dat liet er moandeitejûn witte yn It Polytburo.
De ChristenUnie waard by de ferkiezingen yn maart de twadde partij, mar se binne net frege om in wethâlder te leverjen. Pieter van der Zwan, no noch demisjonêr wethâlder en listlûker, kin him wol foarstelle dat syn partij ôfrekkene is op har ferset tsjin de keapsnein.
Yn it nije kolleezje fan Smellingerlân komme - sa't it no liket - de ELP (de Eerste Lokale Partij, de grutte winner fan de ferkiezingen), PvdA, VVD, en GrienLinks/FNP. De ferwachting is dat de nije koälysje ein dizze moanne ynstallearre wurdt.