New Noardic Wave siket nije dokumintêremakkers
It Fryske film- en mediaplatfoarm New Noardic Wave siket tegearre mei Omrop Fryslân nei nije dokumintêremakkers. Sy kinne in plan yntsjinje foar de film dy't se meitsje wolle en dan meitsje se kâns op help fan it platfoarm en de omrop om dy films ek echt te meitsjen.
Fryslân DOK
Doel is om sa echt minsken te finen dy't noch nea earder in dokumintêre makke hawwe. De films dy't dizze nije talinten meitsje, moatte úteinlik ek op telefyzje útstjoerd wurde yn de stjoertiid fan Fryslân Dok by de NPO.
Oant 30 maaie
Cinecrowd, New Noardic Wave en Omrop Fryslân selektearje de trije bêste plannen. Sy krije in ûntwikkelingstrajekt oanbean. Minsken kinne oant 30 maaie harren plannen yntsjinje fia de webside fan New Noardic Wave.