LDODK giet ûnderút yn Amsterdam

De kuorballers fan LDODK hawwe snein yn de eareklasse A ferlern fan Blauw-Wit. Op it fjild yn Amsterdam wie de thúsploech mei 22-15 te sterk.
Even op foarsprong
De ploech út De Gordyk koe yn de earste helte noch goed meikomme. LDODK hie sels in grut diel fan dy earste helte in foarsprong te pakken. By it skoft wie it lykwols dochs 12-10 foar Blauw-Wit.
Blauw-Wit rint út
Yn de twadde helte rûn Blauw-Wit fierder út op LDODK. Nei tsien minuten wie it ferskil fiif punten: 17-12. Dêrnei kaam LDODK noch even werom, mar úteinlik wie Blauw-Wit dochs te sterk.
Fjirde
LDODK stiet nei it ferlies fjirde yn de eareklasse A, mei likefolle punten as Blauw-Wit, de nije nûmer trije.