Johannes Meeter skriuwt Lemmer Ahoy 2018 op syn namme

Skipper Johannes Meeter hat sneontemiddei mei it skip Doarp Huzum it algemien klassemint fan Lemmer Ahoy 2018 wûn. De 46-jierrige skipper wie op it wetter by De Lemmer ûnder oaren Ulbe Zwaga en Douwe Visser te fluch ôf. Zwaga waard mei De Waaksdom twadde, wylst Visser mei Doarp Grou op it tredde plak einige.
Lemmer Ahoy is in sylevenemint fan trije dagen en begûn tongersdei op Himelfeartsdei. De wedstriden dy't hjir ôfwurke wurde, wurde wol sjoen as de earste serieuze krêftmjittingen fan it seizoen tusken skippers fan sawol de SKS as de IFKS.
Mear oer Lemmer Ahoy 2018 moandei yn Fryslân Hjoed, op Omrop Fryslân telefyzje.