Startskot jûn foar 33e roei-alvestêdetocht yn Prinsetún

De 33e edysje fan de roei-alvestêdetocht is freedtejûn fan start gien. Yn de Prinsetún yn Ljouwert waard om 20.00 oere it startskot jûn troch Wiebe Wieling, foarsitter fan Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden.
97 teams
De maraton oer 210 kilometer telt dit jier 97 teams út binnen- en bûtenlân. De teams roeie de folsleine nacht troch en de organisaasje ferwachtet dat de earste teams sneontemiddei om 13.00 oere hinne wer yn Ljouwert oankomme.
Track & trace
In grut oantal teams kin dit jier fia track & trace online folge wurde. Ploechgenoaten, taskôgers en thúsbliuwers kinne sa op elts momint sjen wat de posysje en snelheid fan harren team is.