Sander Arends yn dûbelfinale fan challenger Braga

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat mei syn dûbelmaat Adil Shamasdin de finale helle fan it challengertoernoai yn it Portugeeske Braga. Yn de heale finale wienen Arends en de Kanadees fierstente sterk foar it Spaanske duo Pedro Martínez en David Vega Hernández.
De earste set gie sels sûnder gameferlies nei Arends en Shamasdin: 6-0. Yn de twadde set wie ien break genôch. Dy set gie mei 6-3 nei it duo fan de Fries en de Kanadees.
Wa't de tsjinstanners binne yn de finale, is noch net bekend. Letter op freed spylje Gastão Elias en Pedro Sousa noch tsjin Ariel Behar en Miguel Ángel Reyes-Varela.