Gjin goed begjin foar gersbaanracer Theo Pijper

© Bert Swarts
Theo Pijper is tongersdei dreech begûn oan de finales om de wrâldtitel gersbaan. De koereur út Rinsumageast einige yn de earste wedstriid yn it Dútske Herxheim as tolfde. De winst gie nei Martin Smolinski út Dútslân, foar Dimitri Bergé út Frankryk en Bernd Diener, ek út Dútslân.
Yn totaal wurde fiif wedstriden riden om it wrâldkampioenskip. De folgjende is op 16 juny yn it Frânske La Réole. Dêrnei binne der noch wedstriden yn Roden (15 july), Eenrum (19 augustus) en Mühldorf (30 septimber).