Oare wike op 'e nij stakingen yn streekferfier

Bussjauffeurs yn it streekferfier lizze sneon 19 maaie op 'e nei it wurk del. Dat meldt it fakbûn FNV. Takom wike meitsje de bûnen bekend yn hokker regio's de stakingen krekt binne.
Oanlieding fan de stakingen is de hege wurkdruk yn it streekferfier. Troch dy hege tiidsdruk is de tsjinstferliening fier fan optimaal, seit FNV-bestjoerder Paula Verhoef. Salang't der gjin konkrete ôfspraken lizze oer it werombringen fan de wurkdruk, bliuwe de sjauffeurs aksjefieren.
De sjauffeurs stake no yn it wykein, omdat se net wolle dat eineksamenkandidaten de kommende wiken lêst hawwe fan de aksjes.