Tuinenga, Van der Graaf en Siegersma winne yn Dronryp

De keatsters Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma hawwe op Himelfeartsdei de frouljus haadklasse ôfdielingswedstriid yn Dronryp wûn. It partoer út Berltsum wie yn de finale mei 5-4 6-2 te sterk foar Anne Monfils en Hiske en Marrit Zeinstra, it partoer út Grins. De tredde priis wie foar Anna Ennema, Fiera de Vries en Hendrieke van der Schoot út Seisbierrum/Pitersbierrum.