'Stille krêften' yn it sintsje set yn IepenUP Live

Yn IepenUP Live binne woansdeitejûn de IepenUp Awards útrikt oan de 'stille krêften' yn de maatskippij. Minsken dy't dingen dogge dy't lyts lykje, mar fan grutte betsjutting binne foar de neiste omjouwing. Of om't se in foarbyld foar oaren binne. Bygelyks Desmond út Ljouwert. Hy krige in award, omdat hy mantelsoarger is foar syn sus mei in autistyske oandwaning.
De 96-jierrige Froukje van der Heijde krige in priis, om't se pubers op skoallen fertelt oer de oarloch. En Martha Ament rjochte in 30+ frouljusfuotbalteam op en fertsjinne dêrmei in beker. Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis rikte in IepenUP Award út oan Piet Hofman, dy't al mear as 40 jier lange tochten fytst en yn ôfstân al njoggen kear de wrâld omfytst hat.
2018 euro
Deputearre Johannes Kramer rikte oan it ein fan de jûn de offisjele prizen út. Ljochtstill Earnewâld, Turfvaart Appelscha, Skoalleprojekt Schiermonnikoog Yn de mande, Feest voor doven en It Hasker Pompke krigen fan it Iepen Mienskipsfûns 2018 euro om te besteegjen oan harren projekten.