Orchidee groeit ek op Fryske fêstelân by Warkum

Op ien plak op it Fryske fêstelân groeie orchideeën dy't oars allinnich op guon Waadeilânnen te finen binne. It giet om it Warkumer Nijlân, dat ticht by de Iselmar en dus de eardere Sudersee leit. De perioade wêryn't de orchideeën op harren moaist binne, is mar koart. Op syn meast binne dat twa wiken en dizze dagen is it sa fier.
Trochdat it bûtendykske wetter middels wat sâltige grûn by Warkum omheech komt, is der in fegetaasje werom te finen, dy't sûnt it ferdwinen fan de see dochs noch reedlik itselde bleaun is. Wat ek helpt, is dat der eins nea fee weide is. It gebiet wie fan 1620 ôf healân en dêrtroch is der ek nea dong brûkt. It terrein is yn behear by Steatsboskbehear en is net tagonklik foar it publyk, om't it te kwetsber is.